Oer de skriuwer Willem Abma

Willem Abma (1942-2024) wie in Frysk dichter en skriuwer. Tegearre mei Marcus Veenstra skreau er ek geastlike lieten en it Requiem ta treast.

Willem Abma publisearre by syn libben mear as tweintich dichtbondels, ferskate romans, koarte ferhalen en toanielteksten. Syn earste dichtbondels ferskynden ûnder it pseudonym Daniël Daen. Hy krige yn 1973 de Gysbert Japicxpriis foar de earste trije. Abma wie yn 1968 ien fan de mei-oprjochters fan Operaesje Fers, siet jierrenlang yn de redaksje fan it literêre tydskrift Trotwaer en wie ek in skoft aktyf as bestjoerslid fan It Skriuwersbûn.

Hy skreau ek geastlike lieten, dêr't God tocht gefoel en it Liet fan treast (by it sluten fan in tsjerkegebou) de meast ferneamde fan binne. Dizze teksten binne op muzyk set troch Marcus Veenstra.

Mear ynformaasje op de webside fan Tresoar

foto: Niels Westra

foto: Niels Westra