Marcus Veenstra hat as musikus ferskate komposysjes skreaun, wêrûnder musicals, (religieuze) lieten en ynstrumintale muzyk foar de eigen lespraktyk en yn opdracht.
Marcus Veenstra hat jierrenlange ûnderfining as muzykdosint op muzykskoallen en basisskoallen, en ek as koar- en orkestdirigent. As pianodosint hat er syn eigen lespraktyk foar sawol klassike as lichte muzyk.
Yn 1995 waard er tsjerkemusikus yn De Schakel yn Camminghaburen, Ljouwert. Tegearre mei Willem Abma hat er in tal lieten komponearre, dêr't God tocht gefoel en it Liet fan treast (by it sluten fan in tsjerkegebou) de meast ferneamde binne.
Ut dizze gearwurking ûntstie it idee foar it Requiem ta treast. De teksten binne skreaun troch Willem Abma en op muzyk set troch Marcus Veenstra.
Mear ynformaasje: muzeman
Marcus Veenstra