It Requiem ta treast giet oer it ferlies fan in leafste, it fertriet fan de neibesteanden en de treast dy't harren jûn wurdt troch de ferstoarne.
Marcus Veenstra en de Fryske dichter Willem Abma learden mekoar kenne yn de Protestantske Tsjerke yn Camminghaburen, dêr't Marcus tsjerkemusikus wie. Tegearre makken se in Requiem ta treast. Dit requiem fertelt it ferhaal oer it ferlies fan in leafste, it fertriet fan de neibesteanden en úteinlik de treast dy't de ferstoarne biedt by harren rou. It requiem befettet in beweging fan tsjuster nei ljocht, dy't útrint yn in fermoedsoening en in hosanna. It lêste wurd fan it requiem is dan ek dat de dea oerwûn is.